Plysje NE-Fryslân pakt njoggen drugsdealers op

22 jan 2016 - 12:46
  • Plysje oanhâlding

De plysje Noardeast-Fryslân hat njoggen minsken oppakt foar hannel yn harddrugs. Seis fertochten komme út Dokkum, ien út Damwâld, ien út Ljouwert en de lêste hat gjin fêst wenplak. It giet om seis manlju en trije froulju fan tusken de 16 en 39 jier. Wykaginten yn Dokkum holden de groep al langer yn de gaten. Se soenen drugs ferhannelje en ferkeapje oan minderjierrigen.

De measte fertochten binne ek sels ferslaafd. Se binne ein ferline wike en begjin dizze wike oppakt. De measten ha proses-ferbaal krigen en binne wer op frije fuotten.

In 39-jierrige Dokkumer sit noch fêst, omdat er noch ferskate boeten iepenstean hie. Hy moat tweintich dagen sitte. It ûndersyk fan de plysje nei de drugshannel yn Noardeast-Fryslân giet fierder. Mear oanhâldings wurde net útsletten.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)