Wurk oan Jouster knooppunt begjint mei sân út Langwar

22 jan 2016 - 12:27

By De Jouwer waard freed it startsein jûn foar it opspuitsjen fan sân út de Langwarder Wielen foar de oanlis fan it nije ferkearsknooppunt. As alles goed ferrint, moat alles yn 2018 klear wêze en komt der nei alle gedachten in ein oan de ferkearsgaos by de Jouster rotonde. Oer it oanpakken fan de rotonde wurdt al jierrenlang praat.

De gemeente de Fryske Marren is tige bliid dat lang om let de skeppe de grûn yn giet by De Jouwer. It nije knooppunt moat ek de omlizzende doarpen ferlosse fan slûpferkear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)