Proef mei sensoaren yn it rioel fan Ljouwert

22 jan 2016 - 10:43
  • Rioel

Wetterskip Fryslân en de gemeente Ljouwert dogge mei oan in proef mei sensoaren yn de rioelliedings. It doel fan de test is om te ûndersykjen hoe't de ôffier fan it wetter ferbettere wurde kin. No bart it geregeld dat it rioel oerstreamt as it hurd reint. As it wetter better ferdield wurdt, bart dat net mear.

Water Laboratorium Noord fiert it ûndersyk út. Njonken Ljouwert dogge ek Assen en Grins en de dêrby hearrende wetterskippen mei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)