Jonkjes stekke papier yn brân

© Omrop Fryslân
Twa jonkjes fan 10 en 12 jier hawwe sneintemiddei yn Harns op it parkearterrein fan in fuotbalferiening oan de Achlumerdyk in papierkontener yn 'e brân set. It fjoer waard al gau sa grut, dat de jonges it net mear útkrije koene. Se naaiden út.
De brânwacht hat it fjoer útmakke. Mei de help fan tsjûgen koe de plysje de beide jonkjes achterhelje. Se moatte harren dizze wike mei harren âlden melde op it buro foar in petear.