Corendon hâldt op fan sponsorjen eigen reedrydteam

Corendon lûkt him nei dit seizoen werom út de reedrydsport. Dat meldt de NOS. Corendon is sûnt 2012 haadsponsor fan in eigen ploech, dêr't ûnder oare Marrit Leenstra fan Wikel foar rydt. Reden foar it ophâlden binne neffens it bedriuw de ferskate ynsidinten fan it ôfrûne seizoen. Sa makke Jan Blokhuijsen spul mei syn trainer en waard Koen Verweij skorst neidat er it betrouwen yn de trainer opsei. Beide riders hawwe in oare ploech fûn.
Njonken Marrit Leenstra stean ek Sjoerd de Vries en Bob de Jong by Corendon  ûnder kontrakt.
Oare Corendon-riders binne Lotte van Beek, Marije Joling en Renz Rotteveel. Trainer is Peter Kolder.