Achtkarspelen oan de slach mei opfang flechtlingen

22 jan 2016 - 07:46

De gemeente Achtkarspelen komt yn maart mei in plan foar de opfang fan flechtlingen yn de gemeente. Dat is de útkomst fan in lobby fan opposysjepartij CDA. Dy partij tsjinne tongersdei op de riedsgearkomste in fersyk hjirfoar yn en krige in soad stipe. It CDA wol sa berikke dat de gemeente in goed antwurd klear hat op it momint dat it COA mei in opfangfersyk komt.

Achtkarspelen hat earder al krisisopfang oan flechtlingen bean. De gemeente moat no benammen neitinke oer de opsjes foar needopfang of in asylsikerssintrum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)