FOTO: Kampearbeurs Caravana is úteinset

21 jan 2016 - 21:50

De 56e edysje fan kampearbeurs Caravana is tongersdei úteinset yn it WTC-Expo yn Ljouwert. Under de namme 'Droom verder' besiket de beurs de besikers dreame te litten oer harren fakânsje.

Caravana is de grutste kampearbeurs yn Nederlân. It beurskompleks stiet fol mei caravans, campers, tinten, kampearguod, stands fan goed 200 campings út hiel Europa en de nijste kampeartrends. De beurs duorret oant tiisdei 26 jannewaris.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)