Gassteuring yn Koatstertille

© Omrop Fryslân
Bewenners en bedriuwen yn Koatstertille hawwe tongersdeitemiddei koarte tiid gjin gas hân. Troch in steuring by Gasunie hiene mear as 1.000 minsken gjin gas. De steuring is no oplost.
Neffens netbehearder Stedin kin it foarkomme dat guon minsken noch hieltiid gjin gas ha. Dat leit dan oan de feilichheidsklep yn harren apparatuer. Dy minsken kinne in steuringsnûmer belje, wernei't in monteur fan Stedin de steuring oplost.