Gemeente Ljouwert wint priis Binnenlands Bestuur

21 jan 2016 - 19:58
  • It stedhûs fan Ljouwert

De gemeente Ljouwert is troch lêzers fan Binnenlands Bestuur keazen ta 'bêst bestjoerde desintrale oerheid 2015'. Neffens Binnenlands Bestuur hat Ljouwert in robúste bestjoerskrêft en stiet de gemeente klear foar de buorgemeenten, op syk nei ferbining en gearwurking.

Boargemaster Ferd Crone jout yn in reaksje oan grutsk te wêzen op de mienskiplike prestaasje. It is foar it earst dat provinsjes, gemeenten en wetterskippen in spesjale titel fertsjinje kinne.

Njonken Ljouwert wie ek it Wetterskip Fryslân nominearre. It Wetterskip hat it net helle, mar is grutsk op de nominaasje. Boargemaster Ton Baas fan de gemeente Midden-Drinte krige de titel fan 'Beste Bestuurder van een kleine gemeente'. Baas wie earder boargemaster fan Boarnsterhim, waarnimmer yn Dongeradiel en Opsterlân en deputearre yn Fryslân. Baas wurdt benammen wurdearre foar de rêst dy't er yn Midden-Drinte brocht hat. Yn dy gemeente wie reboelje oer de opfang fan in soad flechtlingen yn it lytse doarpke Oranje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)