Omrin en Philips meitsje apparaten fan âld plestik

21 jan 2016 - 17:34
  • Lege drinkpakken losse

Offalferwurker Omrin en elektroanikafabrikant Philips ûndersykje oft se fan âld plestik nije apparaten meitsje kinne. Omrin leveret it plestik dat ferwurke is ta in grûnstof oan Philips. Dy wol it brûke foar it meitsjen fan ûnder oare kofjesetapparaten.

It materiaal komt út it hússmoargens dat skieden wurdt troch Omrin. Undersocht wurdt no hokker keunststoffen it meast geskikt binne en oan hokker easken it foldwaan moat foar de konsumint. It ûndersyk mei de namme 'Closing the Loops' giet no it twadde jier yn.

Neffens direkteur Vernooij fan Omrin is dit noch mar it begjin. Der lizze noch tal fan mooglikheden mei reststoffen út ôffal.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)