Efterfolging yn Surhuzum

21 jan 2016 - 16:58

De plysje yn Surhuzum hat woansdei nei in gefaarlike efterfolging in bestjoerder oanhâlden. De wykagint seach de man riden, wylst bekend is dat hy gjin jildich rydbewiis hat. De bestjoerder naaide mei hege snelheid út en luts him ek neat oan fan stoptekens fan de plysje.

Der ûntstiene mei de efterfolging gefaarlike sitewaasjes yn it sintrum fan it doarp. De auto ried ûnder oare ticht lâns twa fuotgongers en ried oer de stoepe om in auto te ûntwiken dy't de dyk blokkearre.

Uteinlik botste de bestjoerder tsjin in ferkearsboerd en koe er oanhâlden wurde. Syn auto is yn beslach naam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)