Goed 20.000 Friezen nei museum

15 apr 2012 - 20:48

It museumwykein hat yn Fryslân goed 20.300 besikers lutsen. Dat binne sa'n 5.000 mear as ferline jier. Fan de 45 musea dy't meidiene, krige it Natuermuseum Fryslân de measte besikers. Dêr kamen 1942 minsken, wylst dat der ferline jier goed 1200 wienen. It Princessehof stiet mei 1743 besikers op twa, it Kazemattemuseum mei 1722 op trije.

De lytsere musea krigen ek in soad besikers. Utsjitter dêrby wie it Klompemuseum fan de famylje Scherjon yn Noardburgum. Dat luts mei 1160 besikers mear as trije kear safolle folk as yn 2011.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)