"Meitsje faasje mei de oanlis fan rap ynternet"

21 jan 2016 - 15:11

Der moat folle mear avesearre wurde mei de oanlis fan rap ynternet yn Fryslân. Dat fine Fryske leden fan de PvdA. Se hawwe harren eigen politisy oproppen om alles út de kast te heljen om der foar te soargjen dat alle 300.000 Fryske húshâldens oansletten wurde op rap ynternet.

Neffens de PvdA is dat in basisfoarsjenning, krekt as stroom, gas, wetter en it rioel. Boppedat draacht rap ynternet by oan it ûntwikkeljen fan wurk en goed ûnderwiis.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)