Ljouwerters pakt foar iepensteande boeten

21 jan 2016 - 14:41

De plysje yn Ljouwert hat tongersdei trije Ljouwerters oanhâlden, dy't noch foar tûzenen euro's oan boeten iepenstean hiene. In 32-jierrige Ljouwerter betelle hast 2.700 euro en foarkaam dermei dat hy 21 dagen de sel yn moast.

In 40-jierrige Ljouwerter moat foar 130 dagen dagen de sel yn. Hy hie noch 65 dagen selstraf iepenstean en it slagge him net om hast 5.000 euro oan boeten te beteljen. In 45-jierrige Ljouwerter moat 79 dagen de finzenis yn om't hy hast 3.000 euro oan boeten net betelje koe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)