Spannende Wâlden Klassiker

15 apr 2012 - 17:51

De achtste edysje fan de Fryske Wâlden Klassiker is snein wûn troch Jim van den Berg út Amsterdam. Van den Berg nimt dêrmei de titel oer fan Sipke Zijlstra út Burgum.

De klassiker oer 172 kilometer waard in spannende striid mei in protte hurde wyn. Yn de finale feroare der fan alles yn de grutte kopgroep. De Koga-ploech fan winner Van den Berg dominearre yn de pleatslike omlopen yn Burgum. It twadde plak wie foar Rudy Vriend, Emmanuel van Ruitenbeek waard tredde. Bêste Fries waard Jan Bos fan Nijhoarne op it tolfde plak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)