Jacobi 'meast dwerse politika'

Lutz Jacobi
PvdA-Twadde Keamerlid Lutz Jacobi fan Wergea hat snein yn Leiden de priis foar 'de meast dwerse politika' krigen fan Dwars, de jongerein fan GrienLinks. Jacobi krige de priis omdat se as 'autentyk en fris' sjoen wurdt yn fergeliking mei 'Haachske beropspolitisy'.
Jacobi helle de priis sels op yn Leiden en is der wiis mei. Se waard op it maaitiidskongres fan de GrienLinks-jongeren tasongen en krige ek in moaie beker. De eardere kandidaat-fraksjefoarsitter sjocht de priis as oanmoediging.