Ljouwerter bedriuw ûntwikkelet nije golfplatemasine

21 jan 2016 - 16:02
  • Metaalbedriuw Mannen van Staal, ien fan de nominearren

It Fryske bedriuw Mannen van Staal hat yn gearwurking mei it bedriuw Bucon in nije golfplatemasine ûntwikkele. It giet om in masine dy't golfplaten makket dêr't bygelyks silo's, wettertanks, of sels needhuzen mei boud wurde kinne. Wrâldwiid binne der mar trije bedriuwen dy't op dizze wize golfplaten produsearje kinne.

De gearwurking tusken Bucon en Mannen van Staal hat in nije bedriuwsnamme opsmiten: Dutch Steel Profile. De produksje sil foarearst allinnich yn Ljouwert plakfine. It bedriuw hat sels al in miljoene-opdracht binnen út Gana.

De provinsje Fryslân stelt in bedrach fan in heal miljoen euro beskikber foar it yn de merk setten fan de nije útfining.

De masine walst yn dikker stiel en mei in hegere snelheid in profyl yn it stiel wêrtroch der in golfplaat ûntstiet. Nei alle gedachten sil it ekstra wurk dat de útfining mei him meibringt in soad ekstra wurk opsmite.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)