Man fernielt broek portier

15 apr 2012 - 16:34

De plysje hat sneontenacht oan de Drachtster Noardkade in Jobbegeaster (17) oppakt foar it fernielen fan klean fan in portier. Neffens tsjûgen soe de fertochte spul socht ha en begûn wêze mei slaan en skoppen. Doe't de portiers him besochten del te bêdzjen soe hy de broek fan ien fan 'e portiers stikkenskuord hawwe.

De portier hat hjirfan oanjefte dien. De Jobbegeaster moast mei it plysjeburo. De jonge bleau hjir dwers. Hy woe net meiwurkje oan it ûndersyk en waard ynsletten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)