Fryslân krijt jeugdkommissaris fan de Kening

21 jan 2016 - 12:06
  • Provinsjehûs yn Ljouwert

As earste provinsje krijt Fryslân in jeugdkommissaris fan de Kening. It Frysk jeugdparlemint kiest de jeugdkommissaris út de bêste debaters fan it kommende jeugdparlemint yn maart. Dêr dogge jongeren fan 16 oant en mei 18 jier oan mei.

De funksje jildt foar in jier. De jeugdkommissaris giet mei kommissaris John Jorritsma mei nei ferskate aktiviteiten. Dan giet it ûnder oaren om de krânslizzing op 4 maaie en it Prinsjesdagontbijt yn Den Haach.

Ek sil Jorritsma de jeugdkommissaris belûke by it tarieden fan syn deistich wurk, lykas steategearkomsten. Mei de ferkiezing fan de jeugdkommissaris wol de provinsje jongeren mear belûke by it iepenbier bestjoer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)