Reedriders Ljouwert kinne fergees nei NK's yn Thialf
De Elfstedenhal yn Ljouwert en Thialf op It Hearrenfean wurkje dit wykein gear mei it NK sprint en NK allround yn Thialf. Riders dy't dêrtroch net terjochte kinne op It Hearrenfean, kinne no fergees harren rûntsjes meitsje yn de Elfstedenhal. Se moatte wol in abonnemint ha.
Oarsom kinne riders út Ljouwert mei in abonnemint by de Elfstedenhal in frijkaart krije foar it NK yn Thialf. It is de bedoeling dat de twa faker gearwurkje.