SCO wint fan hikkesluter

SCO
SCO hat sneintemiddei mei 16-12 wûn fan de nûmer lêst AKC. De kuorballers út Aldeholtpea dogge dêrmei goeie saken foar liifsbehâld yn haadklasse A. Op eigen keunstgers sette SCO goed útein. By rêst stie der in fertsjinne 12-7 foarsprong op it boerd.
Yn de twadde helte wist de thúsploech noch mar fjouwer kear de koer te finen. It wie úteinlik genôch foar winst, wêrmei't SCO in plakje omheech klimt. De ploech stiet no mei 5 punten út 8 wedstriden op it fyfde plak.