Oanspielde dolfinen Ballum hienen parasiten

21 jan 2016 - 11:06

Undersikers fan de Universiteit fan Utrecht hawwe parasiten fûn yn de twa dolfinen dy't tiisdeitenacht oanspielden op It Amelân. De parasiten sieten yn de fetlaach fan de bisten. Oft dit ek betsjut dat de dolfinen siik wienen, is noch net te sizzen. Dat wurdt noch ûndersocht.

Twa fiskers fûnen de dolfinen woansdeitemoarn op it strân by Ballum. De bisten, in mem en har jong, wienen doe al dea. De bonken fan de bisten geane nei it ûndersyk en it skjinmeitsjen werom nei It Amelân. Se wurde dan tentoansteld yn it Natoermuseum op it eilân.

It is tige seldsum dat der in streepte dolfyn oanspielt. Dat barde tsien jier lyn foar it lêst, op Flylân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)