Afvaloven Nee tsjinnet WOB-fersyk yn foar dioksinemjittings

REC ôffaloven © Omrop Fryslân, Dirk Jan Haarsma
De stichting Afvaloven Nee wol witte oft de dioksinemeter yn de Harnzer oven útstie op 1 en 2 oktober. Oer dy dagen binne te hege konsintraasjes dioksine metten. Neffens de stichting is de te hege útstjit noch folle grutter as earder oannaam. Afvaloven Nee hat dêrom in WOB-fersyk yntsjinne om dêr dúdlikheid oer te krijen.
Yn dat fersyk wurdt frege om dokuminten dy't binnen de begeliedingsgroep 'luchtkwaliteitsonderzoek' besprutsen binne. De stichting tinkt nammentlik dat der folle mear oan de hân is as no nei bûten komt.