Plysjeminsken sitte fêst yn lift, brânwacht komt yn aksje

21 jan 2016 - 09:34

In tal plysjeminsken fan Ljouwert kaam woansdeitemiddei fêst te sitten yn de lift. De brânwacht hat de plysjeminsken befrijd. De plysje hie in melding fan bedriging krigen út de flat oan it Anjenplein yn Ljouwert. De lift yn de flat dy't de plysje brûkte, wegere nei inkelde meters lykwols tsjinst.

Neidat de plysjeminsken befrijd wienen, hawwe se in 36-jierrige Ljouwerter oppakt. Hy hie syn buorlju mei in mes bedrige.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)