Asbest frij by brân yn Nijlân

15 apr 2012 - 15:39

By in brantsje yn in loads yn Nijlân is sneintemiddei asbest frijkaam. De brân waard bestriden en gau útmakke troch de brânwacht fan Snits. Yn de loads wie hea yn brân rekke. Fanwege it asbestgefaar ried in lûdswein troch it doarp om de minsken te warskôgjen om ruten en doarren te sluten. Dat waard dien út foarsoarch, sa seit de plysje.

Yn de loads lei ek guod foar in rommelmerk. It is noch mar de fraach oft dy merk wol trochgean kin. Achter yn de loads stie fee rêstich kuil te fretten. It fee hat gjin gefaar rûn by de brân.

Trefwurden: 
brân asbest Nijlân
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)