Tal minsken mei WW-útkearing nimt net fierder ôf

21 jan 2016 - 08:39

De wurkleazens yn Fryslân is ferline jier sawat gelyk bleaun oan it tal wurkleazen yn 2014. Goed 20.000 Friezen hiene yn desimber in WW-útkearing. Yn fergelyk mei 2014 is dat 0,6 persint mear. Ek yn Grinslân en Drinte gie it tal wurkleazen omheech.

2015 begûn foar Fryslân goed. Doe gie it tal wurkleazen nei ûnderen. Dêrnei folge yn de simmer stagnaasje. Yn de lêste moannen fan it jier gie de wurkleazens wer omheech. Fan de Fryske beropsbefolking hat no goed seis persint in WW-útkearing. Lanlik is dat fiif persint.

Benammen yn de soarch, hoareka en yn it ûnderwiis krigen minsken ferline jier dien. De bou en hannel soargen krekt foar mear wurk. It binne benammen de 27- oant 50-jierrigen dy't profitearren fan it ekonomysk herstel. Under jongeren en 50-plussers naam de wurkleazens ferline jier fierder ta.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)