Direkteur Clafis krijt earste Gouden Plak

Bert Jonker, directeur Clafis © Bert Jonker
Direkteur Bert Jonker fan it bedriuw Clafis yngenieurs hat de earste Gouden Plak fan It Hearrenfean krigen. De priis is in inisjatyf fan feriening Heerenveen 'n Gouden Plak. It sprekt wurdearring út foar in persoan of in organisaasje dy't in positive bydrage levere hat oan de promoasje fan It Hearrenfean.
Neffens de feriening set Jonker him bot yn foar oare organisaasjes en begjinnende ûndernimmers. Ek is hy aktyf binnen it reedriden mei ûnder oaren in eigen ploech. De feriening fynt dat hy sa op in gouden wize in bydrage leveret oan it positive imago fan It Hearrenfean.