Van der Duim wint yn Vecelli

15 apr 2012 - 14:44

Tennisser Antal van der Duim út Finkegea hat sneon it Futuretoarnoai yn it Italiaanske Vecelli op syn namme skreaun. Van der Duim hie yn de finale mar twa sets noadich om Michael Linzer út Eastenryk te ferslaan, 6-3, 6-2. It wie de earste Futurewinst foar de Finkegeaster dit jier. De winst levert him 27 ATP punten op foar de wrâldranglist, wêrmei't er no yn de top 300 stiet.

Van der Duim spilet nije wike opnij in Futuretoernoai yn Italië.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)