Europaplein-fontein fuorthelle

Yn Ljouwert wurdt woansdei mei in grutte kraan in part fan de fontein fan op it Europaplein fuorthelle. Dat is nedich om't it ferkearsplein hielendal opnij ynrjochte wurdt. Dêrby komt de dyk folle tichteby de fontein te lizzen.
De fundearring, de kelder en it bassin bliuwe wol lizzen. Dat bassin wurdt ophege. Takom jier komt de fontein werom op it plein en it brûnzen byld fan de fûgel krijt opnij in prominint plak boppe-op de fontein, sa is it plan.