12 hechtings nei mishanneling

15 apr 2012 - 14:25

De plysje hat sneontenacht in jonge fan 17 oanhâlden op fertinking fan mishanneling. De jonge soe in Drachtster (25) sa hurd tsjin de holle slein hawwe, dat de man by de earste help yn it sikehûs tolve hechtings nedich hie.

De plysje seach dat de slachtoffer mei de holle ûnder it bloed út in bar kaam. De man sei dat hy by in rúzje troch de 17-jierrige slein wie. De fertochte waard dêrop oanhâlden en foar neier ûndersyk ynsletten. Wêr't de rúzje krekt oer gie is net bekend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)