Súdwest-Fryslân is teloarsteld oer wynmûnebeslút provinsje

20 jan 2016 - 14:03

De gemeente Súdwest-Fryslân is net bliid mei it beslút fan deputearre steaten dat der definityf in wynmûnepark komt by de kop fan de Ofslútdyk. De grutste pine sit 'm foar de gemeente yn de kombinaasje fan dit lytse park mei it grutte wynmûneplan yn de Iselmar.

Súdwest-Fryslân hie leaver sjoen dat der in lineopstelling fan mûnen by de Ofslútdyk del komme soe. No't it Ryk keazen hat foar in wynmûnepark yn de Iselmar, hie de gemeente leaver sjoen dat de mûnen fan it lytse park by de Ofslútdyk by it grutte park yn de Iselmar komme soene.

Neffens wethâlder Gea Akkerman wie op dy wize it lânskip by de Ofslútdyk behâlden bleaun.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)