Ald-museumdirekteur en keunstsamler Thom Mercuur ferstoarn

20 jan 2016 - 13:57

De eardere museumdirekteur en keunstsamler Thom Mercuur is tiisdeitenacht ferstoarn. Mercuur wie de oprjochter fan museum Belvédère yn Oranjewâld, dat yn 2004 iepene is. Ek stiet hy bekend as de kenner en ûntdekker fan moderne Fryske keunstners.

Hy soarge derfoar dat keunst fan Bregman, Benner, Mankes en Van Althuis nasjonaal bekend waard. Mercuur wie ek befreone mei keunstners as Jopie Huisman, Boele Bregman, Sjoerd de Vries en Willem van Althuis.

Yn 1970 waard Mercuur direkteur fan it Coopmanshûs yn Frjentsjer. Acht jier letter begûn hy by it Fries Museum en organisearre dêr tentoanstellings. Dêrnei begûn hy mei Jaap Wolters by it spoar by Dronryp fiskrestaurant 'Op Hatsum'. 

Hy hat jierrenlang wurke oan de oprjochting foar in museum foar moderne keunst yn Fryslân. Bygelyks oan de Tsjûkemar hat hy plannen hân.

Yn 2004 makke hy syn dream wier yn Oranjewâld. Thom Mercuur hat in skoftke slim siik west. Hy is 75 jier wurden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)