Agressive dief bedriget en mishannelet winkelmeiwurkers

Plysje arrestaasje/oanhâlding © ANP XTRA
De plysje yn Drachten hat tiisdei twa winkeldieven oanhâlden. Ien fan harren, in 28-jierrige Drachtster, waard agressyf doe't meiwurkers fan in skuonwinkel him trappearren. Hy mishannele en bedrige meiwurkers fan de winkel. De plysje koe de man op de Noarderbuert oanhâlde. Hy sit noch fêst foar ûndersyk.
In 25-jierrige man út Lelystad is op it Raadhuisplein oanhâlden foar it stellen fan in usb-stick. Ek dizze man sit noch fêst.