ABD Fryslân foar sânde kear 'Renault Dealer of the Year'

20 jan 2016 - 12:20

ABD Renault Fryslân hat foar de sânde kear de priis 'Renault Dealer of the Year' wûn. Dêrmei hat it bedriuw in wrâldprimeur. Net earder hat in Renault dealer sân kear dizze priis wûn. ABD Renault hat fan 2008 ôf, op 2013 nei, alle jierren de priis krigen.

It bedriuw scoort heech op klanttefredenheid. Direkteur Wybe Kooistra is tige wiis mei de priis: "Dit is een beloning voor onze hele organisatie." It bedriuw ABD waard yn 1975 yn Drachten oprjochte.

No binne der ek fêstigings yn Ljouwert, It Hearrenfean, Dokkum en Snits. ABD hat 130 meiwurkers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)