Diseldieven beskeadigje frachtwein yn Drachten

20 jan 2016 - 11:28

In frachtwein yn Drachten is tiisdeitenacht skansearre rekke, doe't dieven besochten disel út de auto te stellen. De frachtwein stie parkearre op de Tussendiepen. Om ien oere hinne is besocht om de brânstoftank iepen te brekken. Dat slagge net, mar de frachtwein rekke skansearre.

De plysje siket tsjûgen. De dieven sieten neffens de plysje yn in stationauto. Mochten der mear slachtoffers wêze, dan ropt de plysje dy op om ek oanjefte te dwaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)