ChristenUnie wol wetterstoftankstasjon foar Fryslân

20 jan 2016 - 11:12

Der moat in wetterstoftankstasjon yn Fryslân komme. Der komme dit jier 16 fan dizze stasjons yn Nederlân, mar Fryslân heart dêr net by. De fraksje fan de ChristenUnie wol dêrom dat de provinsje him ynset by it ministearje om der foar te soargjen dat ek Fryslân sa'n tankstasjon krijt.

Friezen dy't in auto ha dy't op wetterstof rydt, moatte no noch nei Grins, Zwolle of Pesse om te tanken. Dêrmei stiet Fryslân neffens de fraksje op in efterstân by it oanbieden fan dizze duorsume brânstof.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)