Kensington, Racoon en Handsome Poets dit jier op Oerrock

20 jan 2016 - 10:05

It Oerrock-festival yn Oerterp hat dit jier ûnder oaren optredens fan Kensington, Handsome Poets, Racoon, Miss Montreal en Chef's Special. Dat makke de organisaasje woansdeitemoarn bekend op facebook. De kaartferkeap giet om 12 oere los.

Ferline jier soe Kensington ek al optrede yn Oerterp, mar do moast de band ôfsizze fanwegen sûnensproblemen. Triggerfinger wie doe de ferfanger fan de band.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)