Ziengs nimt winkels fan Scapino oer

20 jan 2016 - 08:16

Skuonwinkel Scapino liket rêden te wêzen. Skuonketen Ziengs nimt Scapino oer en ferwachtet dat de measte winkels iepenbliuwe kinne. Yn Fryslân binne achttjin fêstigingen fan Scapino.

De keten waard begjin jannewaris fallyt ferklearre, mar de winkels bleaunen wol iepen. It personiel heart meikoarten hokker fêstigingen wol ticht moatte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)