Ljouwerter hat stellen fytsen yn syn skuorre stean

Fytsestalling © Omrop Fryslân
De plysje hat tiisdeitejûn in 38-jierrige fytsedief út Ljouwert oanhâlden. De man waard yn in skuorke by syn hûs yn de Schepenbuurt trappearre wylst er wurke oan de stellen fyts. In tsjûge sette de plysje op it spoar fan de dief.
Yn de skuorre fan de man stie noch in stellen fyts. Dy wie op 7 desimber ferline jier stellen. De man sit noch fêst en de fytsen binne yn beslach naam. De plysje ûndersiket oft de man noch mear fytsen stellen hat.