Minister wol minder JSF's

15 apr 2012 - 13:19

As it kabinet it beslút om Joint Strike Fighters te keapjen trochset, dan wurde dat der minder as de plande 85 tastellen. Dat seit minister Hillen fan definsje. Nederlân wie fan doel om 85 tastellen te keapjen. No't it gefjochtsfleantúch djoerder wurdt as tocht, wurde dat der minder.

Neffens Hillen kin Nederlân net lang mear wachtsje mei it nimmen fan in beslút. As de JSF's der komme is de kâns grut dat in part fan de tastellen fleanbasis Ljouwert as thúsbasis krije. Omwenjenden fan 'e basis binne benaud foar it leven dat de JSF's meitsje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)