Trainer Wolsink ferlinget kontrakt by LDODK mei in jier

LDODK (argyffoto) © awfoto.nl
Kuorbaltrener Erik Wolsink hat syn kontrakt mei LDODK mei ien jier ferlinge. Beide partijen binne sa tefreden oer de gearwurking dat no al besletten is langer mei-inoar troch te gean. Wolsink is dit seizoen foar it earst haadcoach fan de Gordykster ploech dy't yn de lanlike kuorbal league útkomt.
Erik Wolsink hat in grut kuorbalferline. Sa waard er mei meardere klups lânskampioen en is er kuorballer fan de 20e iuw.