Dochs gjin asbest frijkaam by brân yn Sint-Anne

19 jan 2016 - 22:50

By in skoarstienbrân yn Sint-Anne is tiisdeitejûn dochs gjin asbest frijkaam. De brânwacht melde earder dat der wol mooglik gefaar wie.

De brân wie yn in boerepleats oan de Middenweg-East. Omdat earst tocht waard oan asbest yn it dak kaam de brânwacht mei twa spuitauto's om it fjoer te bestriden.

Trefwurden: 
Sint-Anne brân
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)