EVT 'ferkeapet' soad kaartsjes

15 apr 2012 - 13:09

Der is massale belangstelling foar de fergese oertocht nei Skylge, dy't de Eigen Veerdienst Terschelling in moanne lang oanbiedt. Mei yngong fan snein kinne minsken foar ien euro toeristebelesting op de fearboat yn Harns stappe. De EVT notearde de ôfrûne dagen al mear as 2000 boekings. Ek de website fan de EVT wurdt drok besocht.

It fergees weijaan fan boatkaartsjes is in stunt dy't net by elts yn goeie ierde falt, sa liet de VVV op Skylge al stevige krityk hearre.

De EVT docht net alles fergees; foar it ferfier fan auto's en fracht moat gewoan betelle wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)