Jorrit Bergsma en Ireen Wüst net nei NK allround

19 jan 2016 - 19:20

Nei Sven Kramer hat no ek Jorrit Bergsma ôfsein foar it NK allround dat dit wykein op It Hearrenfean ferriden wurdt. Ek reedrydster Ireen Wüst fan It Hearrenfean hat oanjûn it NK allround links lizze te litten. Se docht wol mei oan it NK sprint. 

Bergsma kiest derfoar om mei te dwaan oan 'e alternative alvestêdetocht op 'e Weissensee yn Eastenryk. Neffens Bergsma en coach Jillert Anema past it NK allround net yn 'e tarieding op it WK ôfstannen yn Kolomna.

Sven Kramer sei al earder ôf foar it NK allround op Thialf. Hy is as Europeesk kampioen allround al pleatst foar it WK allround en ferkiest in hurdfytstrainingskamp yn Spanje boppe it NK allround.

 

A photo posted by Ireenw (@ireenw) on

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)