Oanspielde potfisken wiene sa sûn as in fisk

De potfisken op it strân fan Teksel © ANP
De fiif potfisken dy't ferline wike op it strân fan Teksel oanspield wiene, binne net ferhongere. Se hiene in grouwe speklaach en goede spieren. Dat konkludearret in team fan wittenskippers.
De potfisken binne mei de boat oerbrocht nei Harns en dêr yn stikken snijd. Wêrtroch't de bisten yn see it paad bjuster rekke binne, is net dúdlik wurden. Gewoanwei komme potfisken net foar yn 'e Noardsee. It wetter is dêr te ûndjip.