Ferpleger mei net mear op berne-ôfdieling wurkje

19 jan 2016 - 17:51

In eardere ferpleger fan de berne-ôfdieling fan sikehûs MCL yn Ljouwert mei gjin bern en jongeren mear behannelje fan it medysk tuchtkolleezje. De man út Weststellingwerf kriget de straf foar it útwikseljen fan whatsapp-berjochten mei in famke fan 11, dat krekt út it sikehûs wie. Hy frege har oft se in foto fan harsels yn pyama stjoere koe.

It famke fertroude it net en fertelde dit oan har heit en mem. Dy skeakelen de plysje yn.

It MCL joech de man dien, mar hy gie earne oars wer oan it wurk as berneferpleger. Dat mei no net mear fan it tuchtkolleezje.

De famylje seit yn in reaksje dat sy nei de tiid alle stipe krigen hawwe fan it sikehûs.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)