Wynmûnepark by Ofslútdyk giet definityf troch

19 jan 2016 - 16:31

By de kop fan de Ofslútdyk komt definityf in wynmûnepark. Dêr kin 36 megawatt oan stroom opwekke wurde. De provinsje giet derfan út dat it ryk yn de Iselmar romte makket foar in wynpark dat 316 megawatt opwekke kin. Dan soe, mei wat de besteande mûnen yn Fryslân opleverje, foldien wurde kinne oan de 530,5 megawatt dy't Fryslân neffens de ôfspraken leverje moat.

Ein dit jier giet it plan de proseduere yn. Neffens planning soe it wynmûnepark by de Ofslútdyk yn 2020 yn gebrûk naam wurde kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)