CDA Harns wol lintsje takenne oan aktive jongerein

© ANP
It CDA yn Harns fynt dat der in jeugdlintsje komme moat yn de gemeente. De partij wol dêrmei bern en jongerein yn it sintsje sette dy't harren aktyf ynsette foar de mienskip en foar oare minsken. Neffens de partij kin dat ek oare jongeren oansette om sok wurk te dwaan.
De partij bringt it foarstel tiisdeitejûn yn by de gemeenteried. It kolleezje fan b. en w. wurdt frege betingsten op papier te setten dy't jilde foar it takennen fan it lintsje.