Nije wensoarchfoarsjenning yn Ljouwert

19 jan 2016 - 15:16

De Idesta soarchgroep sil it eardere Zienn-gebou oan de Pelikaanstrjitte yn Ljouwert ferbouwe ta lytsskalige wensoarchfoarsjenning mei 24 oeren soarch. Der komme 16 wenningen yn it gebou, bedoeld foar minsken mei reuma, Parkinson of minsken dy't demint binne.

Neffens Idesta is foar dizze lokaasje keazen om't de Fûgelwyk gjin soarchfoarsjenning foar 24 oeren hat en om't it tichtby it sintrum leit. De wensoarchfoarsjenning krijt de namme Stêdshiem en wurdt yn juny oplevere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)