Plysje siket wichtige tsjûge fan wapene oerfal Wolvegea

19 jan 2016 - 14:52
  • De coffeeshop yn Wolvegea nei de oerfal

De plysje siket in wichtige tsjûge fan de wapene oerfal fan sneontejûn op in coffeeshop oan de Heerenveensewei yn Wolvegea. De man wie klant en gie fuort flak foar't de trije oerfallers deryn kamen. De plysje freget de man him te melden. Hy hat mooglik ynformaasje oer de dieders.

By de oerfal waard in meiwurker slein. Klanten waarden mei in fjoerwapen bedrige. In man en frou rekken ferwûne doe't se besochten út te naaien. De oerfallers namen jild en drugs mei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)